----------------------------------------------------------------- Parseberjocht ------------------------------------------------------------------

Literêre jûn

 

plak: Bernlef, Grins

datum: tongersdei 29 maart 2007

skriuwers: Hein Jaap Hilarides, Meindert Talma, Janneke Spoelstra, Henk Wolf, Arjan Hut,

Antine Zijlstra, Nyk de Vries

oanfang: 20.00

 

Bernlef en Fryske literatuer ha in lange histoarje. Dêrom nei in skoftke fan ôfwêzichheid

opnij tiid foar in literêre jûn. Ditkear mei in lichting nije Fryske skriuwers dêr't in diel fan har

woartels hat yn Bernlef sels. It sil sa'n tsien jier lyn wêze dat Meindert Talma en

Nyk de Vries harren kopiearde kultblêdsje De Blauwe Fedde presintearden yn 'e soas

(in jûn mei ûnder oaren ek Albertina Soepboer), mei daliks de oare wike in stik yn 'e

Ljouwerter Krante mei as boadskip dat men foar de jongste Fryske literêre dissidinten

toch foaral yn Grins wêze moast.

 

Wyls binne we in eintsje fierder. De tiid dat der amper in skriuwer fan ûnder de fjirtich

te finen wie yn Fryslân is foarby. Hjoeddei ferskynt der in stream fan boeken fan

jongere Fryske skriuwers en dichters en ôfgeand op 'e loovjende ûntfangst fan

bygelyks de twatalige bondel Droom in Blauwe Regenjas/Dream yn Blauwe Reinjas

sjocht men ek bûten Fryslân mei nocht ta. Dêrby komt dat skriuwers harren hieltyd

faker op it poadium manifestearje, mear as froeger, of yn alle gefallen mear struktureel.

It liket ûnderdiel fan in trend om as skriuwer net binnenhûs te bliuwen, mar mei it publyk

yn kontakt te kommen op wordslams of op de withoe folle literatuermaratons yn it lân.

 

Op de 29e maart sille yn Bernlef skriuwers har sjen litte dy't meidogge oan it projekt

Fryske Modernen, in gearwurkings-ferbân fan in oantal útjouwers om Frysk skriuwtalint

mei potinsje yn boekfoarm út te bringen. De earste roman yn 'e rige, Prospero fan Nyk de

Vries, is ôfrûne jier ferskynd en is posityf ûntfongen as eigentiids proaza, mei beide fuotten

steand yn 'e wrâld fan hjoeddei en skreaun yn in linich Frysk. It projekt is dêrmei op

gong en de twadde skriuwer Hein Jaap Hilarides hat syn manuskript klear en it boek sil

yn 'e rin fan dit jier ferskine. Beide skriuwers sille tongersdei 29 maart foarlêze, krekt as

Meindert Talma, Janneke Spoelstra, Henk Wolf, Arjan Hut en Antine Zijlstra. Oan 'e ein

is der in iepen poadium dêr't talint út Bernlef him oppenearje kin.

 

Koartsein: kom del, harkje ta en oardielje sels hoe't it stiet mei de fertelkeunst yn 'e Fryske

letteren.

tekst av

 

 

>>hjirûnder in rûge seleksje fan romans en dichtbundels fan jongere fryske skriuwers; foar mear

titels sjoch de websiden fan 'e skriuwers self; foar mear fryske skriuwers sjoch www.tresoar.nl

 

 

Greet Andringa

 

 

De Diggels fan Che (Ferhalen, Friese Pers Boekerij)

www.tresoar.nl

Jetkse Bilker

 

 

Oar Plak, Oare Tiid (Roman, Bornmeer)

www.jetskebilker.nl

Sjieuwe Borger

 

 

It Ferrin fan de Tiid (Roman, Venus)

www.venusboek.nl

Tsead Bruinja

 

 

Gers Dat Alfêst Laket (Gedichten, Bornmeer)

www.tseadbruinja.nl

Anne Feddema

 

 

Reidhintsje op'e Styx (Gedichten, Koperative Utjowerij)

www.annefeddema.cjb.net

Hein Jaap Hilarides

 

 

Tersk (Gedichten, Frysk en Frij)

www.tresoar.nl

Eric Hoekstra

 

 

Kening fan 'e Junks (Skelmeroman, Bornmeer)

members.chello.nl/e.hoekstra8

Arjan Hut

 

 

0506 - kar út 'e stedsgedichten (Gedichten, Bornmeer)

liwwadden0506.web-log.nl

Jouke Hylkema

 

 

Beabuorster monologen (Gedichten, Venus)

smots123.web-log.nl

Jaap Krol

 

 

M/F (Roman, Bornmeer)

www.jaapkrol.nl

Elmar Kuiper

 

 

Ut Namme fan Mysels (Gedichten, Bornmeer)

www.bornmeer.nl

Willem Schoorstra

 

 

Swarte Ingels (Roman, Frysk en Frij)

beam.to/willemschoorstra

Elske Schotanus

 

 

It Griisstiennen Wurd (Ferhalen, Venus)

www.elskeschotanus.nl

Albertina Soepboer

 

 

Kearsinne (Gedichten, Bornmeer)

www.albertinasoepboer.nl

Janneke Spoelstra

 

 

Goeie is it Wachtwurd (Gedichten, Frysk en Frij)

www.frysk-en-frij.nl

Meindert Talma

 

 

Dammen met Ome Hajo (Roman, Uitgeverij Passage)

www.meindertalma.nl

Eelkje Tuma

 

 

Leafste Lea (Roman, Koperative Utjowerij)

www.tresoar.nl

Durk van der Veen

 

 

It Tal Mooglikheden is Sawat Uneinich (Ferhalen, Venus)

www.venusboek.nl

Jabik Veenbaas

 

 

De Wite Ule (Ferhalen, Bornmeer)

www.bornmeer.nl

Abe de Vries

 

 

Under Fearne Goaden (Gedichten, Bornmeer)

www.abedevries.nl

Nyk de Vries

  

 

Prospero - in simmerskiednis (Roman, Friese Pers Boekerij)

www.nykdev.nl

Cornelis van der Wal

 

 

Hûn oan  'e himel (Gedichten, Bornmeer)

cornelisvanderwal.web-log.nl

Henk Wolf

 

 

Wûnderaardichheden (Ferhalen, Bornmeer)

www.bornmeer.nl

 

 

 

 

terug naar www.nykdev.nl
naar www.bernlef.com