home | boeken | agenda | contact

 

 

>>parse oer 'Prospero'       nederlands | fries

 

*In bytsje tsjak tsjak, in bytsje hjir en no
Abe de Vries, Leeuwarder Courant, 7 april 2006

De ferkearing útskuord en neat om hannen meldt de 29-jierrige Marco Vandaan him oan - fia 'wurkferdielend buro Argonaut' - foar in baantsje yn Spanje by it 'ynnovatyf baggerprojekt Prospero'. Nee hin, tinkt de lêzer. Dochs net wer dy nikserige eighties-sfear fan ferfal, jointsjes smoke en wy witte net wat wy wolle? Mar dat falt ta: de twadde roman fan Nyk de Vries is net samar te fangen mei in etiketsje.
        Prospero is in samling barakken by in opslachdaam oan 'e foet fan 'e Sierra de Guadarrama boppe Madrid. In stikmannich studinten, ynklusyf Marco, moatte dêr yn ploegetsjinst de pompen betsjinje fan de sûgers dy't de boaiem fan 'e mar ôfstrune. Sa'n setting hat wat fan, jawol, Big Brother: minsken dy't ticht op inoars lippe sitte wurde dei en nacht folge yn har ûnderlinge relaasjes. Marco hat each foar moaie sjaaltsjes en is in protte dwaande mei syn uterlik; Karin neukt der mar wat op los, lykas Peter Poncin; Hans-Koen is de dwerslizzer, Henry de skiednisman, Wikje it ûnwisse, kwetsbere type, Ruud de baas dy't it net wiermeitsje kin - wa fynt wat fan wa? En wurdt dit in freoneploech?
        De styl dêr't Nyk de Vries it ferhaal fan Marco en syn maten yn fertelt, soe men iroanysk realisme neame kinne, in wize fan skriuwen dêr't ek by immen as Jaap Krol wol wat fan te merkbiten falt. Ofstân en detaillearring geane hân yn hân en gauris seit de skriuwerij ek wat oer de tekst sels, dy't op ferskate mominten in ferdjipping kriget, in ekstra laach. ,,Mei dy is it teminsten in bytsje tsjak tsjak, in bytsje hjir en no, in bytsje kommunikaasje,'' seit Peter tsjin Marco, en dêrmei seit er ek wat oer it karakter fan dit proaza. Mei iroany wurdt nei de 'echte' wrâld ferwiisd, tink allinnich mar oan de namme fan it 'wurkferdielend buro', Argonaut.
        Noch in laach dy't De Vries yn syn roman oanbrocht hat, is it wat abstraktere kommentaar op de eigen tiid. Troch it hiele ferhaal hinne dûkt sa út en troch it Eskuriaal op, it paleis fan Filips II dat tsjin de bergen fan de Sierra de Guadarrama oanleit. De beskriuwing dy't Henry jout fan de absolutistyske ketterjeier dy't dêr syn wrâldryk besocht te bestjoeren, slacht faaks ek op de 'moderne minske'. Filips syn tiid hie wat mienskiplik mei dy fan ús: ,,De sechstjinde ieu wie de ieu fan 'e ûntdekkingsreizen. De seeën leinen iepen, de wrâld waard grut - miskien ûnsichtber foar fierwei de measte minsken, mar de konsekwinsjes wiene al wol fielber. Sa naam foar Filips de tafier oan ynformaasje ûnfoech ta.'' Filips, seit Henry, krige deis tritich postsekken, mar woe alles sels dwaan, ,,hy woe alles behearskje''.
        Tagelyk kinne sokke passaazjes jilde as kommentaar op it skriuwen sels en op de posysje fan de skriuwer. Sokke dwersferbannen meitsje fan 'Prospero' in razend nijsgjirrich boek, dat op in yntelliginte wize engazjearre is mei de technologisearre maatskippij en de multymediale wrâld fan hjoed. Yn dy wrâld driget 'ûnechtens': op ferskate mominten jout De Vries oan dat syn persoanaazjes karikatueren binne fan harsels, of dat se yn in film libje. It binne ek skeinde minsken, elk mei eigen kompleksen en problematyske famyljerelaasjes. It projekt Prospero jout harren in doel en in ferlern gefoel fan mienskip.
        Mar it Gouden Flues fan de Argonauten wurdt net fûn. De teloarstelling is grut as it baggerprojekt op 'e non rint en elk syn eigen wegen wer gean moat. Mei 'Prospero' set de nije rige Fryske Modernen op in yndrukwekkende wize út ein. Chapeau foar dit eigentiidske proaza, dat de iroanyske kant neist is mar dat de ambysje, de grutte greep en de tsjustere aksinten dochs net út 'e wei giet.



*Oer libbensfragen en wettermanagement
Yvonne Dijkstra, Friesch Dagblad, 13 maaie 2006

In muzikant dy't mei syn libben oan is, in wetterkundich projekt yn Spanje en in bûnt selsskip fakânsjegongers: it binne de yngrediïnten fan de twadde roman fan Nyk de Vries (Noardburgum, 1971). De Vries debutearre in pear jier lyn mei Rezineknyn, dat ûndertusken yn it Nederlânsk útbrocht is as Rozijnkonijn. De titel fan De Vries' twadde roman, Prospero, is ûntliend oan it wetterkundige projekt yn de Spaanske heechlannen dêr't in part fan de roman him ôfspilet. It foarmet it prachtige dekor foar in ferhaal dat my sa no en dan sa meisleepte dat ik my op in stuit ôffrege yn hokker taal ik eins siet te lêzen.
       It ferhaal: in ploech studinten en oar jongfolk binne ôfreizge nei Spanje om as fakânsjewurkers by it wetterkundich projekt Prospero te wurkjen. Marco Vandaan, de haadpersoan, is ien fan harren. Syn libben sit op in dea spoar: karriêre yn 'e muzyk dy't net rint, stúdzje dêr't er neat mei docht en ferkearing krekt út. Hy stoart him yn de groep en giet hielendal op yn it bûnte selsskip. Dit part fan de roman lêst as in trein en bliuwt goed op spanning. Dat komt benammen troch it karakter fan Peter Poncin, dy't in master is yn it tsjin inoar útspyljen fan minsken. Dêrtroch krije we in goed byld fan de groepsdynamiken yn dizze ploech jongerein en wurdt ek dúdlik wat guon sykje yn Prospero. Peter Poncin is de motor dy't it ferhaal op gong hâldt. Mar ek de oare personaazjes binne ynfielend beskreaun. Bygelyks Ruud, de joviale útfierder dy't it sa goed mei elts foarhat mar dy't alles hieltyd by de hannen om ôfbrekt en it pittich lyts dinkje Wikje.
       Mar it projekt dêr't safolle fan ferwachte waard - in modelprojekt, ynnovatyf en lytsskalich, by súkses kin it in trochbraak wêze - rint as in luchtballon leech en itselde jildt in bytsje foar de roman. Pas oan de ein fan it ferhaal wurdt it noch krekt even spannend, mar dêrfoar moatte jo wol efkes trochbite. Dat gefoel komt foar in part ek omdat der in soad losse triedsjes hingjen bliuwe as Prospero op in stuit ophâldt te bestean. Net allinnich yn it ferhaal is it samar ynienen foarby, ek romantechnysk is it wat koart troch de bocht. Want wat wie no krekt de oanlieding dat Hans-Koen útnaaide, hoe siet it mei Peter Poncin, wat betsjutten alle tearen yn 'e holle en raarsjoggerij dy't yn de rin fan it ferhaal foarby komme? Ik hie dêr wat mear útwurking ferwachte. Do kinst as skriuwer net allegear fragen oproppe en dy dan net beantwurdzje: de lêzer sil him wat bedondere fiele.
       Gelokkich makket Nyk de Vries in soad goed, bygelyks as er syn skiednisachtergrûn ynset. Der rint in moaie parallelle ferhaalline yn de roman oer kening Filips dy't syn wrâldryk bestjoerde út it Eskuriaal wie. It docht bliken dat dat Eskuriaal deun neist Prospero leit. In kollega fan Marco dy't 'skiednisfreak' is, ferdjippet him yn dit ferhaal en fertelt deroer oan Marco. Der wurdt in byld sketst fan in iensume kening, dy't dan wol de macht oer in wrâldryk hat, mar alle ferantwurdlikheden allinnich drage moat. De parallel wurdt eksplisyt as Marco allinnich yn in Spaansk appartemint sit met de blinen ticht: "Nei it iten lies ik opnij in stikje oer Filips en dy nuvere tiid dy't de sechstjinde ieuw achterôf besjoen west hie - mei syn grutte feroarings en ferantwurdlikheden, foar de measten fansels ûnsichtber, mar wis wol oan 'e gong." (side 137) Faaks liket it wat op de faze dêr't Marco yn sit, it ein fan in tiidrek, tiid om ferantwurdlikheid te nimmen.
       Nyk de Vries hat mei Prospero in moaie roman ôflevere, in roman ek dy't neffens my lykas syn foargonger yn de beneaming komt om oerset te wurden en sa by in grutter publyk telâne te kommen.



*Prospero: in "big brother" op skrift
Ydwine Willemsma, Farsk, maaie 2006

De rige Fryske Modernen biedt in poadium foar nije Fryske skriuwers. Nyk de Vries is ien fan dy skriuwers en syn boek Prospero. In simmerskiednis is opnaam yn de rige. It boek giet oer in jonge muzikant, Marco Vandaan, dy’t it paad wat bjuster is. Hy hat skiednis studearre en hy hat besocht om yn de muzyk fierder te kommen, mar dat is op neat útrûn en hy wit net wat er no mei syn libben oan moat. Hy krijt de kâns om yn de simmermoannen te wurkjen foar ‘Prospero’. Dat betsjut ‘foarspoedich’ yn it Spaansk. It is in wetterboukundich projekt wêrby’t in opslachmar yn de Spaanske heechlannen frij makke wurde moat fan sedimintaasje. It projekt jout wurk oan in ploech jonge minsken en studinten út Nederlân, dy’t dêr yn de ‘middle of nowhere’ wenje en wurkje. Nyk de Vries beskriuwt yn it boek it deistich libben fan dy groep minsken, har ferskate achtergrûnen en karakters, en foaral it groepsproses dat him yn in nuvere, hast surrealistyske situaasje ôfspilet.

Werkenbere types
De minsken dy’t beskreaun wurde, binne allegear werkenbere types. Sa is der Henry, in skiednisstudint dy’t altyd syn boek oer Filips II meisjout en allinnich mar oer Filips en syn paleis it Eskuriaal praat. Trochdat Marco ek skiednis studearre hat, lûkt Henry wat nei him ta omdat er mei de oare ‘ûnkundigen’ neat op hat. Hans-Koen is ien dy’t altyd krimmenearret oer it wurk en de bazen en konstant driget dat er nei hûs gean sil. Dan binne der de freondinnen Karen en Wikje. Wikje is nochal hinne-en-wer fan aard; se is òf hiel fleurich òf hiel negatyf oer harsels en liket yn sommige opsichten wol wat op Marco. Dan is der Karen, in moaie flotte faam dêr’t Marco eins wol wat yn sjocht. It giet ek de goede kant op, mar troch in nije gast, Peter Poncin, liket de sfear wat te feroarjen. Peter Poncin is in nuver drokke jonge mei read hier, dy’t him by eltsenien foardocht as syn/har beste freon en dy’t oan elts deselde ‘geheime’ ferhalen fertelt, meastentiids oer syn seksuele eskapades.

Big brother
En dêrmei is boek is in soarte ‘Big Brother’ op skrift; je begjinne te lêzen en foardat je it witte, sitte je midden yn it deistige libben fan de groep jongelju. It boek lêst flot en it hâldt de oandacht fêst. Ik woe witte wêr’t it hinne gong, mar doe’t ik it út hie, wist ik eins net goed wat ik der mei oan moast en dus ek net wêr’t it hinne gongen wie. ‘Wat fynst derfan?’ frege myn freon. It ienige wat ik sizze koe, wie: ‘in nuver boek’.
      Sa is der eins net echt in plot. Je wurde fongen yn it groepsproses, de nuvere types dy’t yn it boek foarkomme, sûnder dat der no eins echt wat sein wurdt, krekt as yn it televyzjeprogramma. De haadpersoan sels bliuwt foar de groep, mar ek foar de lêzer, in ûnbekende. Hy is op himsels, hy ûntlûkt him op in bepaald momint ek oan de oaren en wurdt eins wat in bûtensteander. Der wurdt wol koart neamd dat er skiednis studearre hat en der wurdt praat oer Gabi, dy’t syn freondinne wie, mar hoe’t it no presys sit, wêrom’t er no sa mei himsels yn de mage sit, wurdt net dúdlik.
      En sa is it mei mear saken. Marco beslút bygelyks yn in rûs om ien fan de bergen yn de smoarende hite te beklimmen, ferdwaalt en wurdt mei in soarte fan harsensskodding wekker yn it kamp. Mar wat der no presys foarfallen is, hoelang’t er der lein hat en hoe’t er werom kaam is, wurdt net ferteld. En dat fyn ik spitich. Der barre in protte saken, foaral in soad lytse ynsidinten, mar as it der op oankomt om de djipgong op te sykjen, dan wurdt dat net dien. Dêrmei bliuwt it boek yn it algemien in opsomming fan gebeurtenissen sûnder betsjutting of útlis.

Twa minsken dy't mei itselde sitte
Oan ’e ein fan it ferhaal wurdt de djipgong noch wol in bytsje socht. Dat bart as Marco, as it projekt ôfrûn is, noch in pear dagen trochbringt yn in appartemintsje yn in lyts doarp. Hy besiket der om wat kontakten te lizzen, mar dat slagget net en dêrnei slút er himsels op. Yn dy iensumens beseft er dat er feroarje wol en bringt er in pear konfrontearjende dagen troch. Spitich is dat út dy situaasje folle mear helle wurde kinnen hie as de skriuwer Marco syn persoanlikheid yn it earste stik mear djipgong jûn hie. Je fiele mei him mei en fiele de emoasjes, mar witte as begripe tagelyk net wêrom’t er yn sa’n striid ferkeart.
De ein fan it boek is ek hiel nuver. Marco beslút om noch ien kear werom te gean nei Prospero, en treft dêr ta syn ferbazing Wikje, dy’t ek net wit hoe’t se fierder moat. Se beslute om yn de mar te swimmen te gean, en by dy swimpartij giet it mis mei Wikje. Se swimt te fier, komt yn in gefaarlike delgeande streaming en komt net wer nei boppen. Marco swimt nei de kant en bliuwt dêr yn betizing lizzen. Dan pakt er de boel op en fynt in lift nei hûs. De kalmte fan dat momint, wyls der soks freesliks bard is, docht hiel ûnrealistysk oan. Dy kalmte makket ek dat de lêzer tinkt: bart it wol echt of is it in dream? Wêrom is er net mear fan slach?
      In pear dagen nei it lêzen fan it boek betocht ik my dat ik fûn dat Wikje en Marco sa op elkoar liken. En miskien is dat wat Nyk de Vries sjen litte woe: twa minsken dy’t eins mei itselde sitte, de iene fynt syn ûndergong en de oare komt der boppe-op. Mar as dat it gefal is, is it spitich dat er dat (alwer) net mear útwurke hat. De faachheid fan it boek oerhearsket, en dat is skande by in jonge skriuwer dy’t seker it talint hat om in pakkend boek te skriuwen.