|
'Ik bin der in dei as wat lyn mei in glimk mei úteinset en ta myn eigen ferbjustering
fernim ik dat it in ferslaavjend boek is. Is is prachtich. It is ferrassend, elke side
wer.'
Joop Boomsma, Joopboomsma.nl
'De Blauwe Fedde is dus geen sjiek uitgegeven blad vol sjieke
meningen en sjieke beweringen, er staan geen bewonderende stukken in over voorgangers,
geen literatuur-uitgeleg, geen hoge verwachtingen, geen meedoegedrag met literaire modes,
hypes, bobo's. De Blauwe Fedde doet niet meer mee, dit zou de beginselverklaring kunnen
zijn van dit opzettelijk rommelige blaadje.'
Kees 't Hart, De Groene Amsterdammer
'Op it omkaft fan it boek 'De Blauwe Fedde yn petear' stiet in
prachtige foto fan monsterboer Sibbele Hietkamp út Kollumersweach: 'Ik bin in âlderwetse
boer dy't it allegear noch docht op de âlderwetse toer.' De 83 jierrige frijfochten boer,
ek wol bekend as 'De Bonte Hond', sjocht fleurich yn 'e lins fan 'e kamera, de broek op
healwei seizen en de rjochterwiisfinger priemkjend nei foaren: 'It sit him yn 'e geast fan
'e tiid. It folk is losslein. Ik ha heard, famkes fan tolve, trettjin jier sitte al by de
joeperij', sa seit er yn it fraachpetear mei de 'Blauwe Fedde'.
Henk van der Veer, Trotwaer
'Monumentaal. Net in ynterviewer soe it sa dwaan. Mar it is
grandioas. En it set dus yn in lyts blokje in stikje sfear del dêr't de haadpersoan
himsels geweldich yn toant. En dat net troch in strenge ynterviewer, mar gewoan troch goed
te selektearen, de goeie wurden derút te heljen, en ek de moed te hawwen om it gewoan
wiidweidich op te skriuwen. Sa krije je yn dit boek in oantal juwieltsjes fan
ynterviewkunde.'
Klaas Jansma, Omnium
'Het boek 'De Blauwe Fedde yn petear' bevat interviews met vijftien
eigenzinnige Friezen. De auteurs, Meindert Talma en Nyk de Vries, presenteerden het
vrijdag in Kollumerzwaag. Het werd een wonderlijke avond. (...) De zaal zat tot de nok toe
vol, alsof het een dorpsfeest in de Wâlden was.'
Asing Walthaus, Leeuwarder Courant
',,Sille wy mar los? frege Sibbele Hietkamp dyt
foar de gelegenheid yn pak stutsen wie. ,,Guon fan jimme kenne it ferske al, mar der sit
ek wat frjemd folk by fan e jûn. De 84-jierrige earegast song, mei net
al tefolle tosken mear yn de mûle, De boer en de koopman. It wie ien fan de bysûndere
optredens yn Kollumersweach freedtejûn. De folle seal fan De Trije Doarpen -voor al uw
bruiloften en partijen- wie it dekôr wie fan de boekpresintaasje De Blauwe Fedde yn
petear fan Meindert Talma en Nyk de Vries.'
Marijke de Boer, Friesch Dagblad
|