|
In bytsje tsjak tsjak, in bytsje hjir en no
De
ferkearing útskuord en neat om hannen meldt de 29-jierrige Marco Vandaan him oan - fia
'wurkferdielend buro Argonaut' - foar in baantsje yn Spanje by it 'ynnovatyf baggerprojekt
Prospero'. Nee hin, tinkt de lêzer. Dochs net wer dy nikserige eighties-sfear fan ferfal,
jointsjes smoke en wy witte net wat wy wolle? Mar dat falt ta: de twadde roman fan Nyk de
Vries is net samar te fangen mei in etiketsje.
Prospero is in samling barakken by in
opslachdaam oan 'e foet fan 'e Sierra de Guadarrama boppe Madrid. In stikmannich
studinten, ynklusyf Marco, moatte dêr yn ploegetsjinst de pompen betsjinje fan de sûgers
dy't de boaiem fan 'e mar ôfstrune. Sa'n setting hat wat fan, jawol, Big Brother: minsken
dy't ticht op inoars lippe sitte wurde dei en nacht folge yn har ûnderlinge relaasjes.
Marco hat each foar moaie sjaaltsjes en is in protte dwaande mei syn uterlik; Karin neukt
der mar wat op los, lykas Peter Poncin; Hans-Koen is de dwerslizzer, Henry de skiednisman,
Wikje it ûnwisse, kwetsbere type, Ruud de baas dy't it net wiermeitsje kin - wa fynt wat
fan wa? En wurdt dit in freoneploech?
De styl dêr't Nyk de Vries it ferhaal fan
Marco en syn maten yn fertelt, soe men iroanysk realisme neame kinne, in wize fan skriuwen
dêr't ek by immen as Jaap Krol wol wat fan te merkbiten falt. Ofstân en detaillearring
geane hân yn hân en gauris seit de skriuwerij ek wat oer de tekst sels, dy't op ferskate
mominten in ferdjipping kriget, in ekstra laach. ,,Mei dy is it teminsten in bytsje tsjak
tsjak, in bytsje hjir en no, in bytsje kommunikaasje,'' seit Peter tsjin Marco, en dêrmei
seit er ek wat oer it karakter fan dit proaza. Mei iroany wurdt nei de 'echte' wrâld
ferwiisd, tink allinnich mar oan de namme fan it 'wurkferdielend buro', Argonaut.
Noch in laach dy't De Vries yn syn roman
oanbrocht hat, is it wat abstraktere kommentaar op de eigen tiid. Troch it hiele ferhaal
hinne dûkt sa út en troch it Eskuriaal op, it paleis fan Filips II dat tsjin de bergen
fan de Sierra de Guadarrama oanleit. De beskriuwing dy't Henry jout fan de absolutistyske
ketterjeier dy't dêr syn wrâldryk besocht te bestjoeren, slacht faaks ek op de 'moderne
minske'. Filips syn tiid hie wat mienskiplik mei dy fan ús: ,,De sechstjinde ieu wie de
ieu fan 'e ûntdekkingsreizen. De seeën leinen iepen, de wrâld waard grut - miskien
ûnsichtber foar fierwei de measte minsken, mar de konsekwinsjes wiene al wol fielber. Sa
naam foar Filips de tafier oan ynformaasje ûnfoech ta.'' Filips, seit Henry, krige deis
tritich postsekken, mar woe alles sels dwaan, ,,hy woe alles behearskje''.
Tagelyk kinne sokke passaazjes jilde as
kommentaar op it skriuwen sels en op de posysje fan de skriuwer. Sokke dwersferbannen
meitsje fan 'Prospero' in razend nijsgjirrich boek, dat op in yntelliginte wize
engazjearre is mei de technologisearre maatskippij en de multymediale wrâld fan hjoed. Yn
dy wrâld driget 'ûnechtens': op ferskate mominten jout De Vries oan dat syn
persoanaazjes karikatueren binne fan harsels, of dat se yn in film libje. It binne ek
skeinde minsken, elk mei eigen kompleksen en problematyske famyljerelaasjes. It projekt
Prospero jout harren in doel en in ferlern gefoel fan mienskip.
Mar it Gouden Flues fan de Argonauten wurdt net
fûn. De teloarstelling is grut as it baggerprojekt op 'e non rint en elk syn eigen wegen
wer gean moat. Mei 'Prospero' set de nije rige Fryske Modernen op in yndrukwekkende wize
út ein. Chapeau foar dit eigentiidske proaza, dat de iroanyske kant neist is mar dat de
ambysje, de grutte greep en de tsjustere aksinten dochs net út 'e wei giet.
|