
Gedachten
fan in motorman
Wienen
der twa dichtbundels op e doarmatte fallen? Nee, it wienen de Nederlânse en de
Fryske proazagedichten fan Nyk de Vries, skriuwer en muzikant by Meindert Talma & the
Negroes. Guon fan dy fersen binne earder publisearre yn De Hobbyrocker, De Blauwe Fedde,
Hjir en Tzum. De bondels sjogge der nijsgjirrich út, de surrealistyske kant it neist.
Proazafersen binne pyplytse ferhalen, dyt midden op ien
side ôfprinte wurde mei in soad wyt deromhinne. De rigels rinne troch, lykas by in
ferhaal. By dizze bundel fan De Vries liket it net om fersen of om ferhalen te gean, mar
om gedachten. ,,Hy (motorman, jb) ried mar om op syn motorfyts en noait wist ik wat him
troch de holle spile, sa begjint it boek. As dizze ik it húske
fan e motorman oernimt, nimt er it wurdt net sein, mar it kin - ek syn
gedachtewrâld oer. As ik it sa opfetsje, falt der mear teplak as wanneart ik de
bundel as in searje losse teksten besjoch. Noch in argumint foar dizze ynterpretaasje is
de konstante ferwizing nei in ús ûnbekende (fiktive) wrâld: ,,Marjet wurke as
ferkeapster yn it súdlik distrikt en sûnt ik har koe, hie se it net maklik,
begjint in ferhaal. Wa is Marjet? Welk súdlik distrikt? We witte it net, de echte
ik faaks ek net: it heart allegearre yn de oernommen gedachtewrâld.
De motorman blykt hiel wat meimakke te hawwen en it is allegearre
behoarlik grappich en maf. De ynhâld docht my tinken oan it surrealistyske fan dreamen en
dy sfear is werom te finen yn it omslach fan it boek. De Vries folget hast yn alle teksten
itselde prosedee. De ferhaaltsjes besteane út fjouwer of fiif moaie sinnen mei in lêste
sin, dyt der mei in ferrassende konklúzje in ein oan makket. Faaks is dat de reden
dat dizze ferhaaltsjes it sa goed dogge yn foardrachten mei publyk. Se besteane út
nijsgjirrige, moai skreaune sinnen, se binne koart en se einigje ûnferwacht grappich of
pseudo-filosofysk. As je nei de opbou fan san stikje sjogge falt op dat elke nije
sin wer in nij aspekt oan it ferhaal tafoeget. Noait folget in ferklearring. As it yndied
om de oernommen herinnerings fan de motorman giet, kloppet dat wol, want wa leit himsels
no wat út? ,,Sân jier hie ik oan e gong west it guod fan ús heit op te romjen.
Dêrnei fleach ik nei Amearika dêrt ik in lyts restaurant iepene,
begjint in ferhaal. San styl soarget foaral foar dynamyk, mar ek foar humor.
Dit opienstapeljen fan beskriuwende sinnen hat as effekt dat der
in djippere betsjutting suggerearre wurdt, dyt der net is. Lykas by poëzij, sykje
je nei in ferbân tusken de rigels. Yn dizze ferzen bliuwe je stykjen, sels as je oannimme
dat it om oernommen gedachten giet. Dit suggerearjen fan in djippere lading wurdt op it
lêst in foefke. Troch allinne mar te beskriuwen bliuwt de skriuwer sels ridlik bûten
skot en dat kin noait te lang duorje. Yn sokke koarte ferhaaltsjes yn gedachtefoarm kin De
Vries der noch mei weikomme. De sinnen rinne moai, de ferhaaltsjes binne grappich, mar
djipgeand wol it net wurde.
|