bestellen

home | boeken | pers | agenda

boekingen
prozagedichten
foto's
bestellen
contact



proazagedichten

nederlands | english | español
frysk | chichewa

 

 



Metamorphose
De winkel baarnde plat en ús famylje moast alhiel wer fan foaren ôf oan begjinne. Earlik sein hong ik der mar wat by en holp amper mei om de saak wer op poaten te krijen. Op in middei siet ik yn kafee Metamorphose doe't myn broer deryn kaam. Ik wie klear om my te ferdedigjen, mar hy sei gjin wurd. Hy gie foar my oer sitten en stoarre my lang oan. Doe frege er de ober om in pilske en foar my in Bacardi mei in flutske chocomel en oardel klûntsje iis. Wat in gelok, tocht ik. Hoefolle minsken binne der yn dyn libben dy't werklik mei dy meitinke?




Pantheon
Mei in ploechje út ús doarp wienen we yn Rome en fansels gongen we del by it Pantheon. Der wienen ek eks-kollega's fan ús heit by, boufakkers fan boubedriuw Sikkema út Feanwâlden, aardige lju. Ien fan harren, Harmen, kaam nei my ta en sei dat er it aardich knap fan dy âlde Romeinen fûn, dat se it mei har techniken en middels sa moai rûn bouwe kind hienen. Hy seach mei in heal each nei syn kollega's, kuchte en sei: 'Fansels flânzje we hjoed de dei sa'n gebouke sa yninoar.'





Motorman
Hy ried mar om op syn motorfyts en noait wist ik wat him troch de holle spile. Op in dei folge ik him nei syn hutte yn 'e bosk. Ik rûn op it hokje ta en treau de doar mei kracht iepen. Foar my lei langút achteroer op 'e houten flier de motorman. Hy seach op, kaam stadich oerein en stoarre my oan mei in frjemd read gesicht. Ik woe wat sizze, mar foar't ik dêrta komme koe, ferdwûn de motorman sûnder oait werom te kearen. Ik naam myn yntrek yn it hûske en wenne dêr úteinlik goed twintich jier. It is wier wat se sizze: elk nij hûs moat better wêze as it foarige.





België
Ik ferliet famylje en freonen om it hielendal te meitsjen yn België, tegearre mei myn leave Wendelien. Dat foel earlik sein wat ôf en al gau ferlear ús leafde al har glâns. Op it lêst kamen we telâne op in kartonfabryk dêr't ús sjef it dúdlik foarsjoen hie op myn Wendelien. Ik wie net mear myself dêr yn België en ûnder it skoftsjen sloech ik him keihurd mei in heafoarke op 'e rêch. Oaren seinen letter: 'Dy heafoarke, dy hie dêr ek hielendal net stean moatten.'





Famyljehotel
Minsken binne faak sa ûntefreden. Ik hie plaknaam yn it famyljehotel en seach hoe't rjochts fan my in heit syn soantsje sloech. By it buffet stie in man dy't net wist wat er opskeppe moast fan de ryk fulde tafels. Der wie ek gjinien dy't lake, krekt as earder yn it golfslachbad. Miskien wie it de oanhâldende hjerstrein. Miskien ek gewoan de folksaard. Ik eage om my hinne en seach eins mar ien frou dy't my opwûn. Wêrom toch? Wêrom altyd it hoerige typ?

 

 

© nykdevries 2010


>>bestel hjir de bondel: Motorman & 39 oare proazagedichten