|
biografy
Nyk de Vries is skriuwer en muzikant. Mei syn proazagedichten stiet
er regelmjittich op 'e planken, gauris yn kombinaasje mei muzyk.
Hij leit op dit stuit de lêste hân oan it album 'Ik dook in een
baai', de cd-fersy fan syn bundel 'Motorman'. De cd sil útkomme
op it Excelsior-label.
***
Fan 2000 ôf skreau er twa romans, 'Rezineknyn' en 'Prospero', en
'Motorman & 39 oare proazagedichten', in bondel mei ultrakoarte
ferhalen. Al syn fiksjewurk ferskynde yn de Fryske en de Nederlânse
taal. 'Prospero' ferskynde as earste roman yn de rige 'Fryske Modernen'.
Mei Meindert Talma skreau er it ynterviewboek 'De Blauwe Fedde yn
petear', mei dêryn de libbensferhalen fan 15 opmerklike Friezen.
Yn april 2010 krige er it Belcampo Stipendium, de literêre
priis fan de Provinsje Grins.
Karakteristyk op it poadium is syn yndringende foardracht. Al as
net stipe troch muzyk stie er wyls op in ferskaat oan poadia, fan
literatuer- en teaterfestivals as Wintertuin, Dichters in de Prinsentuin,
Oerol en Noorderzon ta lûdroftiger plakken as diskoteek Escape en
it popsirkwy. Foar 2010 stiet er programmearre op Poetry International.
As muzikant is er ferbûn oan Meindert Talma & the Negroes. Yn Spanje
makket er diel út fan Planeta Pato, in selsskip út Madrid by wa't
er syn proazagedichten foardraacht yn it Spaans. Ynkoarten sil in
part fan syn teksten publisearre wurde yn it renommearre Amerikaanse
tiidskrift Words Without Borders.
Yn 2008 makke er foar it Vpro-programma Cantina it radioferhaal
'Wachten op Sumaisi' oer syn ferbliuw yn Malawi. Op dit stuit wurket
er oan in nije bondel mei proazagedichten en oan boppeneamd album.
Hy wurdt hjirby holpen troch ûnder mear Corneel Canters, mei wa't
er tegearre spile yn de band Flux, en Fokke v/d Veen, gitarist fan
syn earste band The Amp.
Nyk de Vries wennet en wurket yn Amsterdam. Hy is opgroeid yn Fryslân
en wenne lange tiid yn Grins dêr't er skiednis studearre.
proazagedichten
klik hjir foar it lêzen fan in tal proazagedichten

downloads
auteursfoto yn hege resoluusje (1,74 Mb): klik
hjir
omkaft 'Motorman' yn hege resoluusje (1,79 Mb): klik
hjir
(By it brûken fan de foto, graach namme fotograaf Reyer Boxem
fermelde. Untwerp omkaft: Eduard Bezembinder)
links
myspace: www.myspace.com/nykdevries
facebook: www.facebook.com/nykdevries
kontakt
Nyk de Vries
nyk@nykdev.nl
|
|